Sinneblommen yn Littenseradiel

17 apr 2007 - 17:53

Yn 'e greiden fan Littenseradiel komme sinneblommen te stean. Sa'n 35 boeren sille om de maisfjilden sinneblompitten siedzje.

It idee komt fan 'e Fûgelwacht Itens, dy't fynt dat der hieltyd minder blommen yn 'e Fryske greiden binne. Dêrneist wurdt foar de simmer in fytspaad oanlein dat dwers troch de greiden rinne sil. Littenseradiel Goudgiel moat it nije toeristyske fisitekaartsje wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)