Swiere pasjinten problematysk

17 apr 2007 - 16:48
  • Foar swiere pasjinten binne oanpassings nedich
  • Operaasjekeamer yn sikehûs Ljouwert

Swiere pasjinten kinne foar problemen soargje yn de sûnenssoarch. Yn it Helpmiddelsintrum Fryslân yn Burgum wie dêr tiisdei in gearkomste oer foar soarchfersekerders, gemeenten en thússoarchorganisaasjes. De gearkomste wie opset troch de Dove_Care_Group.

Hieltyd mear minsken kampe mei oergewicht. Sikehûsbêden kinne net mear hawwe as 150 kilo. Foar de fersoarging fan ien fan 200 kilo binne twa thúshelpen nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)