Hiel Opsterlân papierkonteners

De papierkonteners wurde yn de hiele gemiente ynfierd
It ynsammeljen fan âld papier mei mini-konteners wurdt ynfierd yn de hiele gemeente Opsterlân. Twa jier lyn is begûn mei in proef op De Gordyk. Dy hat goed foldien. Dêrom stelt it kolleezje foar om de papierkonteners yn de hiele gemeente yn te fieren.
De ried moat noch akkoart gean. Alle hûshâldens yn Opsterlân krije dan in spesjale kontener foar it âld papier.