Nij kompleks Wolvegea

Yn de nije Lindewyk yn Wolvegea komme twa bysûndere appartemintegebouwen. It wurde twa identike gebouwen fan 25 meter heech yn de foarm fan in seil yn de wyn. De kompleksen binne ûntworpen troch arsjitekt Cees Dam, dy't ek de Stopera yn Amsterdam mei op syn namme hat.
Dam him ynspirearje litten troch skûtsjes. Yn elk gebou komme fyftjin apparteminten en in parkeargaraazje. Fan 't hjerst set de bou út ein.