Frou bekent pinautomaatrôf

Ien fan de berôvers woe pinne mei it stellen paske
In frou út Drachten (24) hat in strjitrôf fan trije jier ferlyn bekend. Se oerfoel tegearre mei twa manlju in 22-jierrige Drachtster by in pinautomaat. Se lutsen it slachtoffer op de grûn en bedrigen him mei in mes.
Ien fan de berôvers besocht te pinnen mei de man syn paske, mar dat mislearre. De Drachtster rekke ferwûne oan de holle trochdat er tsjin it gesicht skopt waard. De dieders wiene ûnder ynfloed fan drank en drugs.