Undersyk: hoe moat B&W fierder

wethâlder Doting, ien fan de haadrolspilers
In ûnôfhinklik ûndersyk moat yn twa moanne tiid de bestjoerskrisis yn Littenseradiel oplosse. Dat is de útkomst fan it krisisoerlis fan moandei yn de gemeenteried. It oerlis wie needsaaklik neidat dúdlik wurden wie dat beide wethâlders en boargemaster Liemburg eins net mear meiïnoar troch ien doar kinne.
De ried fynt dat it kolleezje gewoan meiïnoar fierder moat. In tredde partij sil no in oplossing sykje.