Aksjes by beropssjauffeurs

17 apr 2007 - 00:07

De Fryske frachtweinsjauffeurs komme yn aksje. It oerlis tusken fakbûnen en wurkjouwers oer in nije cao foar it beropsgoedereferfier is moandeitejûn fêstrûn. De fakbûnen wolle 3 prosint leansferheging hawwe, mar de wurkjouwers wolle net fierder gean as 2,5 prosint.

Ofrûne sneon die bliken dat de leden ree binne om aksje te fieren. Moandei waard yn it midden fan it lân al aksjefierd troch sjauffeurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)