Guozzen Surhústerfean fuort

16 apr 2007 - 22:42

De acht guozzen dy't yn de Fûgelwyk fan Surhústerfean foar in soad oerlêst soargje, wurde fuorthelle. De gemeente Achtkarspelen hat de diere-ambulânse opdracht jûn de guozzen nei in oar plak te bringen. Dat is dien neidat de buert mei in hantekeninge-aksje by de gemeente protesteard hat.

De guozzen soargje neffens de buertbewenners foar in soad oerlêst. Se skite alles ûnder, frette de túntsjes keal en binne bitterich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)