Nico de Jong nei SC Joure

16 apr 2007 - 19:49

Sportclub Joure hat foar it kommende seizoen noch in nije spiler oanlutsen. It giet om de spits Nico de Jong, dy't no noch foar ONS Snits spilet. Nico de Jong is de tredde nije spiler dy't tekene hat by De Jouwer. Björn Schilder fan Genemuiden en Frank Stäbler fan Appingedam tekenen earder al in kontrakt.

Neffens de technyske lieding is mei it oanheljen fan dizze trije spilers de seleksje foar it kommende seizoen rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)