Wierum en Miedum: moaie gatten

Wierum docht mei mei SBS-wedstriid
De doarpkes Wierum en Miedum binne nominearre foar de titel "het leukste gat van Nederland". Dizze ferkiezing wurdt organisearre troch SBS 6 en tsiisfabrikant Leerdammer.
Waarman Pyt Paulusma giet by de 15 nominearre doarpen yn Nederlân del en op 23 maaie wurdt dan bekend makke hokker doarpke úteinlik it leukste gat fan Nederlân is.It winnende gat krijt in jildpriis, mar der wurdt ek in kreativiteitspriis útrikt.