Priis foar sinneboatrace

16 apr 2007 - 13:43

De Frisian Solar Challenge hat in priis krigen fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De sinneboatrace by de Fryske alve stêden del is in fernijend evenemint, sa fine politike jongerenorganisaasjes.

It ministearje hie oan harren frege hokker ynstelling de titel ‘Innovatief Teamspeler EnergieTransitie’ fertsjinnet. Dat is dus de Frisian Solar Challenge wurden. Woansdei rikt minister Van der Hoeven de priis út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)