Keunstgers op middenbermen

in kraan hellet it echte gers fuort
Ljouwert hat in oplossing betocht om de stikken gers tusken drokke diken net mear te meanen. By it krúspunt Valeriusplein is moandei begûn mei de oanlis fan in perkje mei keunstgers. De gemeente Ljouwert wol mei dizze proef besjen oft keunstgers in goed alternatyf is.
Echt gers moat nammentlik faak meand wurde en dat soarget foar oerlêst foar it ferkear.