Frou (75) komt om by ûngelok

16 apr 2007 - 10:07

By in iensidich ûngelok op de Dekemaleane op De Gordyk is snein in frou (75) út Ljouwert ferstoarn. De frou siet as passazjier yn de auto by in 78-jierrige man. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de auto neist de dyk en botste op in beam.

De helptsjinsten koene de frou net mear rêde. De man moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy is mei in ferwûning oan de earm nei it sikehûs op it Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)