Kramer twadde by maraton

15 apr 2007 - 18:01

Mariska Kramer-Postma fan Drachten hat snein sulver wûn by de maraton fan Rotterdam. Kramer rûn de goed fjirtich kilometer yn 2.50.39. Nadja Wijenberg waard earste yn 2.37.25. It wie foar har de fjirde kear dat se nasjonaal kampioene op de maraton waard.

Fanwege de hytte waard de maraton om healwei trijen stillein. Neffens de maratondirekteur wie it net ferantwurde langer troch te gean. De wedstrydrinners wienen doe al klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)