De Jouwer ferliest; Snits lyk

15 apr 2007 - 16:13

Sneinshaadklassers De Jouwer en Snits hawwe minne saken dien yn de striid tsjin degradaasje. De Jouwer ferlear út by Babberich. De Jousters kamen der net oan te pas. Babberich wûn mei 3-0. Oebele Schokker joech oan folgjend seizoen by Harkemase Boys te spyljen.

Snits stelde mei 1-1 teloar tsjin MSC. De ploech út Meppel stiet lêste. Lutzen Brink makke de lykmakker. De Jouwer is noch hieltyd ien-nei-lêste. Snits is no dield njoggende.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)