Brânstifter Snits oppakt

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige Snitser is sneintemoarn betiid oppakt yn syn wenplak. De jonge wurdt derfan fertocht boumateriaal yn 'e brân stutsen te hawwen. Dat wie op in terrein oan de IJlsterkade.
De plysje waard tipt troch in tsjûge dy't seach hoe't de Snitser it materiaal yn 'e brân stuts. De jonge is meinaam nei it buro. Oer de skea is neat bekend.