De Gordyk hat Huizingplein

15 apr 2007 - 13:11
  • boargemaster Heldoorn en widdo Huizing ûntbleate it boerd (foto: Henk Stoelwinder)

De gemeente Opsterlân hat it plein by de brânwachtkazerne op 'e Gordyk neamd nei syn eardere brânwachtkommandant Henk Huizing. Huizing ferstoar yn 2005, hy wie doe trije jier kommandant. Yn dy jierren hat er ûnder oare soarge foar in nije kazerne op 'e Gordyk en de oanskaf fan in nije auto.

As oantinken oan Huizing en syn grutte ynset foar de brânwacht is keazen foar it ferneamen fan in plein nei him. It nammebuordsje waard sneon ûntbleate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)