Opknappen Rottefalle útsteld

15 apr 2007 - 13:02

De renovaasje fan it doarpssintrum fan Rottefalle is opnij útsteld. Dit kear omdat der by de oanbesteging wat ferkeard gien is. De gemeente en it doarp binne al seis jier dwaande om de skeppe yn de grûn te krijen.

Doel is úteinlik trije miljoen euro te ynvestearjen yn nije riolearing, in nije ynrjochting fan de doarpsstrjitte en it graven fan in feart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)