Ballonnespektakel op 'e Jouwer

15 apr 2007 - 10:11

Op de Jouwer wurdt mei Keninginnedei in grutte ballonnestunt hâlden. It Oranjekomitee lit in hiele grutte Nederlânske flagge meitsje, fan 6000 mei helium fulde ballonnen. Dy wurde mei in spesjale knooptechnyk oan elkoar bûn. Ek de stok wurdt makke fan ballonnen.

As de flagge klear is, mjit er tsien by sân meter, de stok is 15 meter. Hy wurdt om in oere as tolve yn de loft litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)