Komst mar Lemsterlân tichterby

© Omrop Fryslân
B en w fan Lemsterlân wolle meiwurkje oan de komst fan in acht bunder grut mar op de grins fan Fryslân en Flevolân. It Wetterskip wol dat mar oanlizze as wetterbuffer, mar it is yn striid mei it bestimmingsplan, omdat der yn it gebiet allinne agraryske aktiviteiten tastien binne.
Boeren yn de omjouwing binne benaud foar oerlêst fan guozzen dy't op de mar ôfkomme. De ried fan Lemsterlân praat oer oardel wike oer it plan.