Sjauffeurs wize leanbod ôf

De sjauffeurs yn it beropsferfier foar goederen kinne har net fine yn it leanbod fan de wurkjouwers. Op in fakbûnsbyienkomst yn Drachten wiisden se it bod ôf. De wurkjouwers biede in ferheging fan twa prosint.
De bûnen easkje trije prosint en wolle dat de ploegetaslach ferhege wurdt mei twa-en-in-heal prosint. Moandei prate bûnen en wurkjouwers wer. As se der dan net útkomme, driigje de sjauffeurs it wurk del te lizzen.