Harkemase Boys spilet lyk

14 apr 2007 - 17:04

Harkemase Boys hat sneon yn Assen mei 2-2 lyk spile tsjin ACV. Stefhan van Hoving makke foar rêst de earste goal. In moaie volley fan Tony Alberda soarge nei twa minuten yn 'e twadde helte foar de 2-0.

Yn de twadde helte waard it 2-1 en twa minuten foar tiid kaam de lykmakker op it skoareboerd. Healweis de twadde helte kaam ACV mei tsien man te spyljen. De Boys binne no tsiende mei 24 punten út 22 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)