'Luitenant slachtoffer hetze'

luitenant is slachtoffer fan hetze fan justysje, sizze leden fan de motorklub
De luitenant dy't syn lidmaatskip fan motorklub Black Sheep opjaan moast, is it slachtoffer fan in hetze fan justysje. Dat fine leden fan de klub fan It Hearrenfean. Dêrmei regearje se op it nijs dat de militêr bespionearre is troch definsje om't er lid wie fan de Black Sheep.
De luitenant wie 20 jier lyn ien fan de oprjochters fan de klub. Fia de rjochter besiket it er de gong fan saken oan te fjochtsjen.