Bûtenfjild slimmer fersmoarge

14 apr 2007 - 14:20

It grûnwetter by it Bûtenfjild by Feanwâlden is slimmer fersmoarge as tocht waard. Der sitte ûnder oare PCB's en swiere metalen yn. Dat befestiget de provinsje.

Yn de sechtiger jierren wie it stoart by Feanwâlden bedoeld foar hûsôffal út Ljouwert. Neffens omwenners waard ek fan oare plakken smoargens oanfierd. It is de fraach oft it grûnwetter skjinmakke wurde moat. Dat hinget ôf fan de aktiviteiten yn it Bûtenfjild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)