Mear jild foar 'guozzeboeren'

14 apr 2007 - 13:30

Boeren moatte in hegere fergoeding ha foar gedoochgebieten foar guozzen. Dat fynt foarsitter Joop Atsma fan de Fryske Plattelandsalliantie. It giet benammen om boeren dy't in soad lêst ha fan guozzedong.

De twa miljoen guozzen litte sa'n 260 ton dong achter. De helte dêrfan komt yn it wetter telâne. Dat is min foar de wetterkwaliteit. Net alle boeren krije in te lege fergoeding. It soe gean om sa'n fiif prosint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)