Regiotaksy Holwert oant maaie
De regiotaksy fan de pier by Holwert nei Dokkum bliuwt noch oant 1 maaie ta riden.
Dat is troch de Provinsje Fryslân beslúten. De gemeente Amelân hie der om frege, omdat der sa noch wat tiid is om in oplossing foar it ferfiersprobleem te finen. It doel wie om snein te stopjen mei de regiotaksy.