It Fean sneon al nei Brabân

13 apr 2007 - 17:08

Hearrenfean giet sneon al nei Brabân foar de wichtige útwedstriid tsjin Willem II. Dy wedstriid is krusiaal yn de race om plak fiif. Trainer Verbeek kiest foar dy wedstriid op 'e nij foar middenfjilder André Hanssen ten koste fan Thomas Prager. De Eastenriker rekke nei in skorsing út byld.

Gonzalo Garcia-Garcia is blesseard oan it ankel en sit net by de seleksje. Syn ferfanger is Ugur Yildirim dy't sûnt lang wer ris yn de basis begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)