Marrekritetoeter foar Mulder

13 apr 2007 - 11:30

Deputearre Mulder hat de 'Marrekrite- toeter' krige. Dat is in eareteken foar immen dy't him ynset hat foar rekreaasjeskip de Marrekrite en de ynfrastruktuer foar de wettersport yn Fryslân.

Mulder hat ûnder oaren de ôfrûne 4 jier foarsitter west fan de Marrekrite en wie as deputearre ferantwurdlik foar it Fryske Marreprojekt. De toeter is útrikt troch de fise-foarsitter, boargemaster Kuiper fan Skarsterlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)