Kat sit 4 dagen yn beam

© Omrop Fryslân
In kat yn Gytsjerk hat in pear benaude dagen achter de rêch. It bistje siet nammentlik fjouwer dagen lang fêst yn in beam oan de Postmastrjitte. De kat wie der moandei yn klommen, mar koe der net mear útkomme. Doe't buertbewenners besochten him derút te heljen klom er sels noch heger de beam yn.
Uteinliks moast der in heechwurker út Dokkum oan te pas komme om it bistje út syn benaude posysje te heljen.