Webcam lit Gryn sjen

© Omrop Fryslân
It eilân Gryn tusken Harns en Skylge is tenei fia ynternet te besjen. Natuermonuminten hinget in webcam oan syn nije ûnderkommen op it eilân en set dy bylden live op de webside.
Om't der gjin minsken op it eilân komme meie, is it Gryn in grutte ûnbekende. Allinne twa fûgelwachters sitte fjouwer moannen lang op it eilân om de briedende fûgels yn de gaten te hâlden. Sy sille ek de webcam betsjinje en in weblog byhâlde.