Tsjerke ticht nei fernielings

12 apr 2007 - 16:23
  • Broeretsjerke ôfsluten nei fandalisme
  • Guon pilaren binne bekladdere

De Broeretsjerke yn Boalsert is tydlik ticht fanwege fernielings. De ruïnetsjerke is foar in soad jild opknapt en mei glês oerkape. Besikers kinne de tsjerke besjen. Mar no binne der pilaren, is in grêfstien bekladde en stean de remspoaren yn it gebou.

De fernielings hawwe oerdeis plakfûn. De gemeente oerwaget ekstra tafersjoch troch stedswachten of kamera's. Oant dy tiid is de tagong mei hingslotten op slot dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)