Snackkomkommers duorsum kweekt

12 apr 2007 - 13:58

De earste proeven mei in nij systeem by kwekerij Hartman yn Seisbierrum ferrine boppe ferwachting. It bedriuw Living_Foods út Ljouwert is yn in proefkas dwaande in systeem te testen dat lytse komkommerkes kweekt mei yn ferhâlding net folle wetter.

Yn it Midden-Easten is in_protte belangstelling foar it systeem. De besparring op it wetterferbrûk kin oprinne oant 30 prosint. De earste snackkomkommers binne al rispe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)