Oanfal op ambulânsepersoniel

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei yn 'e Van Beverwijckstrjitte yn Ljouwert in man oanhâlden foar bedriging fan helpferlieners. Se wiene derop ôf kommen om't de man foar syn hûs lei, mar koene net folle foar him dwaan, omdat er inkeld dronken wie.
Plysje en ambulânsepersoniel hawwe de man yn 'e hús brocht. Hy kaams der wer út en woe de helpferlieners mei in peal oanfalle. Mei pepperspray waard de man wer rêstich.