Leppehiem: ynternet op keamer

© Omrop Fryslân
Yn Fersoargingshús Leppehiem yn Akkrum kinne de minsken in snelle ynternetferbining op de keamer krije. Der is ek in ynternetkafee, mar der kaam hieltiten mear fraach nei in eigen oansluting. Der wiene noch wol wat problemen mei UPC, mar de earste oanslutings binne no klear.
De bewenners brûke de snelle ynternetferbining benammen foar it mailen mei famylje en freonen en foar it telebankieren.