2000 ekstra banen yn 2020

© Omrop Fryslân
Wetterynstitút Wetsus wol foar twatûzen nije banen soargje oant en mei 2020. Dy ambysje spruts wittenskiplik direkteur Cees Buisman fan Wetsus woansdei út op in netwurkgearkomste yn Ljouwert. Wetsus is in ûndersyksynstitút ferbûn oan it Van Hall-Instituut yn Ljouwert dat de link wêze wol tusken de wittenskip en it bedriuwslibben.
It is dan ek dat bedriuwslibben dat foar de banegroei soargje moat.