Nije Ljouwerter traktaasje

11 apr 2007 - 17:33

De Parel van Leeuwarden moat de nije kulinêre traktaasje wurde fan Ljouwert. It cake-je mei sinesappelsnippers, sitroen en in pareltsje mei frisse fulling is de winner wurden fan Lekker Leeuwarden.

De kulinêre wedstriid wie útskreaun om in tipysk Ljouwerter traktaasje te ûntwikkeljen, lykas bygelyks de Limburgse Vlaai. De Parel hat wûn om't it in link leit mei de histoarje fan Ljouwert as hofstêd fan de Nassau's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)