Wer in Springer feild

© Omrop Fryslân
It feilinghûs Sotheby's yn Amsterdam ferkeapet meikoarten op 'e nij in skilderij dat de ferneamde skilder Cornelis Springer yn Fryslân makke hat. It giet om 'Gezicht achter het stadhuis te Bolsward', út 1872.
Yn dat jier makke Springer ek in skilderij fan it Koorndragershúske yn Frjentsjer, dat koartlyn 168.000 euro opbrocht. Sotheby's ferwachtet foar it Boalserter skilderij in opbringst fan sa'n fjouwer ton.