Ynbraken N-E Fryslân oplost

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan trije manlju út Dokkum en Holwert hat de plysje in grut tal ynbraken en gefallen fan heling yn Ferwerderadiel en Dongeradiel oplost. De plysje wie mei in ûndersyk begûn nei in tip oer stellen guod.
Ein maart waarden by twa hússikingen stellen scooters, ark, kompjûters en autoradio's yn beslach naam. De trije ha bekend dat se ynbrutsen ha yn huzen, bedriuwen, skoallen en auto's.