Hotelplan jout diskusje

11 apr 2007 - 10:23

B en W fan Skarsterlân sjogge wol wat yn it plan om in luxe hotel en in rekreaasjegebiet op te setten by de Langwarster Wielen en de Put van Nederhorst. Oft it trochgiet is lykwols noch mar de fraach.

It plan is tiisdei besprutsen yn in riedskommisje. Dêr blykte dat in soad partijen noch net foar binne. Minsken út De Jouwer en omkriten ha in aksjekommitee opset. Sy binne benaud dat it plan ten koste giet fan natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)