Mijn Tent Is Top: Doozo twadde

Frieda en Frank fan Doozo
It Ljouwerter restaurant Doozo is twadde wurden yn de wedstriid 'Mijn Tent Is Top' fan RTL5. It restaurant krige 36 prosint fan de stimmen fan de sjoggers. De oare 64 prosint gienen nei Coquille yn Den Bosch. Dat wint dêrmei in bedrach fan 300.000 euro.
Yn 'Mijn Tent Is Top' moasten fjouwer stellen in restaurant opsette. Se waarden dêrby beoardield op ferskate ûnderdielen. Earder foelen al twa fan de fjouwer ôf.