Jong Hearrenfean bekerfinalist

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei gemak de finale helle fan it lanlike bekertoernoai foar belofteteams. Op sportpark Skoatterwâld waard jong FC Utrecht mei 7-0 ferslein. De grutte man by de thúsploech wie de Kanadees Will Johnson, hy makke de earste fjouwer doelpunten. Tarvajärvi, Türk en Balkestein makken de oare treffers.
Jong Hearrenfean treft yn de finale jong Stormvogels/Telstar. Dy wurdt op woansdei 2 maaie spile yn Waalwyk.