Wiete Boot Holland nei Snits

10 apr 2007 - 20:05

De earste wiete ferzje fan Boot Holland wurdt takom jier yn Snits hâlden. Plannen foar sa'n wettersportbeurs yn de iepen loft wienen der al langer, mar der waard noch socht nei in goeie lokaasje.

Neffens de organisaasje is Snits it meast geskikt, omdat dêr al in soad aktiviteiten op wettersportgebiet binne. De binnendoar ferzje fan Boot Holland wurdt alle jierren yn it WTC-Expo yn Ljouwert hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)