Lotte Bosma bêste foarlêzer

10 apr 2007 - 19:14

Lotte Bosma fan skoalle De Opstap yn Oentsjerk is dit jier de bêste foarlêzer fan Fryslân. Lotte waard troch in sjuery keazen út trettjin kandidaten. Dy letten ûnder oare op de fersteanberens en it kontakt mei it publyk. Lotte mei no meidwaan oan de lanlike finale op 23 maaie yn Utrecht.

De twadde priis gie nei Bettie Altenburg fan de Bonifatiusskoalle yn Wâldsein. Tredde waard Sander Veldman fan De Wielen yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)