Help foar skoalútfallers

© Omrop Fryslân
Bern út de Wâlden dy't sûnder diploma fan skoalle driigje te gean wurde yn Drachten en op It_Hearrenfean holpen. Se krije begelieding yn it projekt Rebound. Dat besiket de bern wer yn de skoalbanken te krijen of te motivearjen in oare oplieding te kiezen.
It projekt rint sûnt in jier. Yn Drachten wurde op dit stuit fyftjin bern begelaat, op It_Hearrenfean trettjin.