Blauwe dyk is slipgefaarlik

It keunstprojekt De Blauwe Dyk yn Drachten is gefaarlik foar it ferkear. As it reint gean motors sûnder ABS samar ûnderút, neffens rydskoallen.
De blauwspuite dyk op it Mûnein lûkt it soad sjoggers en makket de tongen los wat kommintaar oanbelanget. Der is krityk op de hege kosten, wylst oer in jier it asfalt alwer plakmeitsje moat foar de útgroeven Drachtster Feart. Keunstner Hofstra wol de blauwe stikjes asfalt ferkeapje.