Wyldemerkskoalle: 2 miljoen

10 apr 2007 - 15:07

De 24-oereskoalle by Harich krijt 2 miljoen euro fan it Ryk. Dat antwurdet minister Rouvoet fan Gesinssaken op Keamerfragen fan Atsma en Van Hijum. De oankeap fan it terrein soe mooglik yn gefaar komme omdat it sa traach giet mei it jild, sa tochten sy.

Op it terrein fan de gersdroegerij by De Wyldemerk komt in soart ynternaat foar drege jongerein. Der is ûnderwiis en helpferliening. In soad omwenners binne tsjin de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)