Fatima praat mei astronaut

10 apr 2007 - 14:39
  • Astronaut Michael Lopez-Alegria komt op 20 april werom

Learlinge Fatima Hussain (12) fan in skoalle yn Ljouwert hat tiisdei praat mei in astronaut yn 'e romte. Har skoalle De Potmarge docht mei noch mear skoallen mei oan it Deltaprojekt.

De bern fan dy skoallen mochten fragen betinke foar astonauten yn it ynternasjonale romtestasjon ISS. Dêrfoar moasten se wol nei it Space Expo yn Noardwyk. Fatima woe witte oft de astronauten wolris rûzje mei-inoar hawwe yn in romteskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)