Iepenloft Burgum wol ek jild

10 apr 2007 - 12:27
  • It dekor foar it nije iepenloftspul fan Burgum

It Burgumer Iepenloftspul wol graach 125.000 euro fan 'e Provinsje Fryslân. Oer twa jier bestiet it iepenloftspul fyftich jier. Dêrom soene alle ynwenners fan Tytjerksteradiel fergees tagong krije moatte. De provinsje sil it iepenloftspul fan Jorwert nei alle gedachten helpe út de reade sifers te kommen nei harren jubileumjier. Deputearre Steaten hawwe dat tasien. Dêrom tinkt Burgum ek yn 'e beneaming te kommen foar jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)