Bloedûndersyk no ek yn MCL

10 apr 2007 - 11:17

By sikehûs MCL Ljouwert kin bloedûndersyk no gauwer útfierd wurde. De meunsters waarden oars altyd nei it lab yn de Jelsumerstrjitte brocht. No dogge meiwurkers fan dat laboratoarium yn it sikehûs sels harren wurk. Dat skeelt tiid en dêrtroch kinne pasjinten earder behannele wurde.

De meiwurkers wurkje mei eigen apparatuer. It lab yn it MCL is net taret op it útfieren fan bloedkweken. Sadwaande koe dat dêr net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)