Fêst op sânbank Skiermûntseach

10 apr 2007 - 10:06

Meiwurkers fan 'e rêdingsboat fan Skiermûntseach hawwe dit wykein trije froulju werombegelaat nei de fêste wâl. Se koene net werom fan in sânbank fanwege it opkommend tij.

It wetter wie te leech foar de rêdingsboat om de froulju op te pikken. Se binne troch ûndjip wetter weromrûn ûnder begelieding fan de rêdingswurkers. Ien fan de froulju siet yn in bolderkarre om't se op krukken wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)